Afganistan
From Wikipedy
|
Afganistan (Pasjtu, Perzisch: افغانستان), offisjeel de Islamityske Republyk Afganistan is in lân mei likernôch 29 miljoen ynwenners yn Sintraal-Aazje. De haadstêd is Kaboel en de presidint fan de republyk is sûnt 2004 Hamid Karzai.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
út prehistoarysk ûndersyk troch de Amearikaanske Universiteit fan Pennsylvania, it Smithsonian ynstituut docht bliken dat de minsk 50.000 jier lien al yn Afganistan wie.
Sûnt de klassyke âldheid hat Afganistan te krijen hân mei oanfallen fan oare folken, lykas de Perzen, Arabyren, Turken en Mongoalen. De Afgaanske stammen ferienen harren yn de 18e ieu ûnder ien autoriteit, mar in folslein eigene steat kaam oant 1919 net fan'e grûn.
Yn 2001 wie der in ynfaasje fan de Feriene Steaten yn Afganistanvielen de Verenigde Staten Afghanistan binnen, sykjend nei Osama bin Laden. Direkte oanlieding wie in terroristyske oanslach op 11 septimber. Bin Laden waard net fûn, mar it Talibanregear waard ophâlden te bestean. Yn 2004 waard der in nije grûnwet skreaun.
[bewurkje seksje] Geografy
Afganistan wurdt begrinzge troch:
- Turkmenistan en Oezbekistan yn it noarden;
- Tadzjikistan yn it noardeasten;
- Sina yn it easten;
- Pakistan yn it súdeasten;
- Iran yn it westen.
[bewurkje seksje] Topografy
Afganistan is partsjen mei provinsjes (Dary velajât).
|
|
|
[bewurkje seksje] Demografy
[bewurkje seksje] Taal
Yn Afganistan wurde 200 ferskate dialekten praat, en 57 ferskillende talen sprutsen.
It Pasjtûns is ien fan de twa offisjele talen yn Afganistan. De oare offisjele taal, it Darysk (mei it Perzysk besibbe taal) is foar likernôch de helte fan de Afganen memmetaal. It is foar Afganistan it Lingua franca en 85% fan de Afganen behearsket dizze taal.
Njonken dizze twa talen mei nasjonale erkenning binne der ek fiif minderheidstalen yn de regio's erkent. De wichtigste is it Ûzbekysk. Mar ek Turkmenysk, Belûtanysk, Paschai en Nûristany hawwe ûnder it regear fan Hamid Karzai in hegere status krigen. Mei help út Jeropa wurdt no besocht op 'e nij wurdboeken en lesmateriaal te skriuwen, yn it ramt fan it learprogram besibbe oan it weropbouwen fan Afganistan.
[bewurkje seksje] Etnyske groepen
De ynwenners fan Afganistan binne partsjen oer in grutte fariateit fan etnyske groepen. Troch der yn Afghanistan oant no ta gjin systematyske folkstelling dwaan is, binne tallen basearre op in ferwachting. Yn 2006 hat it BBC nijs agintskip, CIA en Feriene Naasjes ynformaasje gearfette om better ynsjoch te krijen yn it tal etnyske groepen.
De Encyclopædia Britannica befettet krekt wat oare sifers oangeande etnyske groepen yn Afganistan:
- 49% Pashtûn
- 18% Tadjiken
- 9% Hazara
- 8% Ûzbek
- 4% Aimak
- 3% Turkmenen
- 9% oar
[bewurkje seksje] Religy
99% fan de befolking is Moslim: Likernôch 74-89% Sûnyt en 9-25% Sji-yt. Der binne tusken de 30,000 en 150,000 Hindûstanen and Sikhs yn de stêden Jalalabad, Kabûl, en Kandahar. Der wie oant 1979 in lytse Joadske mienskip yn Afganistan, hokker flechte is nei de Sowjet ynfaasje, en allinich ien persoan, Zablon Simintov, wennet der oant hjoed de dei.